Avek kwaliteitsbedden spacer
 
Avek logo
 
 
Boxsprings  

De bokssprings fan AVEK

Royaal 3 laachs sliepkomfort: boksspring, matras en topmatras

It boksspringbęd is wyls net mear wei te tinken út de Nederlânske sliepkeamer, en ek yn it assortimint fan AVEK nimme bokssprings mei matrassen en topmatrassen dy’t der by hearre in belangryk plak yn. De populariteit fan de boksspring is foaral te tankjen oan de bysűndere komforteigenskippen.

Elk boksspringbęd hat mar leafst trije komfortlagen: de boksspring sels foarmet de basis, de matras komt dęr boppe op, en as leste de topmatras. Jo kinne foar de matras kieze út ferskate hurdens, sadat jo it będ ôfstimme op jo eigen lichemsbou en foarkar. It brűken fan in topmatras jout it boksspringbęd in ekstra komfortabele laach mei. Boppedat is it gebrűk fan in topmatras hiel praktysk: allinne de topmatras wurdt opmakke en dizze is boppedat makliker te kearen as in gewoane matras. Jo kinne mei de kar fan stof, poatsjes, of efterwand jo boksspring in persoanlike ‘touch’ mei jaan. Meastal wurdt der foar keazen om ek de matras fan de selde soart stof te foarsjen as de boksspring.

AVEK hat mar leafst trije űnderskate boksspring programma’s, mei yn elk programma in romme kar oan mooglikheden.

De Noflik boksspring, nei in űntwerp fan Hans Daalder, foarmet mei syn bysűndere design en gearstalling de top yn it AVEK boksspring assortimint. Noflik is Frysk foar ‘oangenaam, noflik’ en is ynspirearre op de ręst fan it Fryske lân. Boksspring 1927 is de jubileum boksspring: in komplete boksspring (ynklúsyf matras en topmatras) mei in hiele oangename priistelling, spesjaal yntrodusearre fanwege it 80 jierrige jubileum fan AVEK. En folslein nij is boksspring Simmer.

De Simmer boksspring hat in yntegrearre spiraalboaiem en kombinearret gâns komfort mei in hiele goede fentilaasje. Alle komponinten, ek de matras en topmatras binne gearstald mei azemjende materialen. Foar fris & fit wekker wurde! Wat foar AVEK boksspring jo ek kieze, alle będen steane garant foar in duorsume űndersteuning en in sűne nachtręst.

  Avek