AVEK yntrodusearret de ‘ 1927’: dé jubileum boksspring mei in oangename priis
AVEK bestiet 80 jier! En om dy reden komme wy mei in oantreklik oanbod. De jubileum boksspring ‘ 1927’ is in heechweardige bêdskombinaasje, dy’t mei soarch en fakmanskip makke wurdt.
It bêd bestiet út mar leafst trije royale lagen, dy’t elk bijdrage oan it oangename sliepgeryf.
De basis fan elke ‘ 1927’ wurdt foarme troch in goed ûndersteunend boksspring, nei winsk te krijen yn in flakke of- wa’t foar gemak kiest- folslein elektrysk ferstelbere útfiering. Dêr boppe op komt de meistoffearre matras, foarsjoen fan soepele pocketfearren mei in hege punt elastisiteit.
De matraskearn is opdield yn 5-sônes, sa dat elk lichemsdiel op de goede wize droegen wurdt. De toplaach is in hearlike topmatras mei in kearn fan OptiFoam® HR of Lateks.
De ‘ 1927’ is njonken geryf ek in sieraad foar jo sliepkeamer. De boxspring is fraai foarmjûn en kin yn twa soarten stof en yn in protte kleuren levere wurde. It bêd wurdt kompletearre troch de efterwand fan jo foarkar.
It bêste nijs is dat wy de ‘1927’ tsjin in hiele oantreklike priis oanbiede. In komplete 2-persoans kombinaasje ynklúsyf matrassen, topper en efterwand is al te krijgen fanôf € 1995,-
Koartsein, in jubileumoanbod foar wekkere minsken!

