Noflik®
Noflik is it Fryske wurd foar oangenaam, lekker. Dat is krekt wat Noflik wêze wol: in oangenaam plak yn’ e hûs wêr’t jo hearlik ûntspanne kinne en wêr’t jo nachts genietsje fan in goede nachtrêst. Untwerper Hans Daalder liet him by it ûntwikkeljen fan Noflik ynspirearje troch de rêst en skientme fan it Fryske lân. Dit komt ta utering yn in heldere, suvere foarmjouwing mei subtile details. Fiel de rêst fan Noflik troch it proeflizzen by ien fan de dealers.
No ek te krijen yn stoffen fan..
Noflik® bokssprings
Noflik bokssprings ûnderskiede har net allinne troch in fraaie foarmjouwing, mar binne foaral tige geryflik. By it gearstallen wurde allinne soarchfâldich útsochte materialen brûkt, dy stik foar stik bijdrage oan goede slieptechnyske eigenskippen. Om dy reden biedt Noflik in útbalansearre en duorsume ûndersteuning. Boppedat fentilearje Noflik bokssprings optimaal, wat resultearret yn in oangenaam en sûn bêdklimaat.
Noflik bokssprings wurde droegen troch stabile poaten mei stoere RVS aksinten, en binne nei winsk te leverjen mei of sûnder holle en foetbuorden. Jo stelle sels it bêd fan jo dreamen gear. Troch de romme kar fan stoffen en kleuren fielt in Noflik boksspring him thús yn elk ynterieur.
Genietsje mei Noflik beheint him net allinne ta de nachtlike oeren. Njonken de flakke basisútfiering is der in elektrysk ferstelbere útfiering mei trije knier punten. Dizze is ienfâldich te ferstellen nei elke sit of releks stân sa’t jo dat winskje. Sa is Noflik ek oerdei it plak foar in hearlik rêstmomint of in goed boek.
