AVEK matrassen

De matrassen út de nije kolleksje fan AVEK foarmje yn kombinaasje mei de AVEK bêdboaiems de bêste garânsje foar in geryflik en treflik fentilearjend sliepsysteem. Matras en boaiem wurkje persys gear yn it bieden fan de krekte ûndersteuning en troch de tapassing fan eksklusive materialen, wêrûnder Talalay Embrace en Coolplus®, genietsje jo fan in optimaal bêdklimaat.

It hert fan de AVEK matrassen wurdt foarme troch in royale kearn fan heechweardige termysk hurde pocketfearren, yn 6 of sels 8 slachs útfiering. Elke matras is opboud út hûnderten ferpakte fearren, it stik ferpakt, dy’t ûnôfhinklik fan elkoar bewege kinne. De fearren binne yndield yn komfort sônes: elk part fan jo lichem kriget de ûndersteuning dy’t it nedich hat, sadat jo spieren en rêchbonke maksimaal ûntleste wurde. Pocketmatrassen fan AVEK ha yntern in iepen struktuer en wurkje dêrtroch sterk focht regulearjend. Boppedat binne de pocketmatrassen fleksibel en uterst geskikt foar ferstelbere bêdboaiems.

Mar it geheim fan de goede fentilaasje sit foaral yn de tapassing fan bysûndere materialen. Foar de lúkse dûbeldoek tiken makket AVEK gebrûk fan Coolplus® ,
in ferkuoljend en sterke focht regulearjende fezel. De komfortlagen Optifoam®, Talalay en Talalay Embrace binne sekuer selektearre op basis fan har iepensellich karakter en treflike komfort eigenskippen. Focht transport tusken de komfortlaach en de pocketkearn fynt plak troch it unike 3D Spacer Fabric. De kombinaasje fan al dizze heechweardige materialen jout garânsje foar de treflike fentilaasje en besoarget jo in optimaal bêdklimaat.