Meitsje de nije wize fan sliepen mei

De unike eigenskippen fan Nuance matrassen en kessens fine harren orizjine yn de romtefeart. Ynnovaasjes yn dizze sektor ha laat ta it ûntstean fan druk ferleegjend visco elastysk skom.
AVEK past yn de Nuance produkten in spesjaal foar bêden ûntwikkele ferzje fan dit skom ta, dat him flugger en makliker oanpast dan oare types en boppedat better azemt.

Under ynfloed fan lichemstemperatuer en gewicht foarmet it visco elastyske skom him optimaal nei jo kontoeren. Drukpunten op it lichem wurdt sterk redusearre, wêrtroch jo hast it gefoel krije dat jo sweve. Troch de drukferleging wurdt de bloedsomloop oansjenlik ferbettere en nimme jo in natuerlike en ûntspannen hâlding oan. Jo sille merke dat jo nachts minder omwine en draaie.

Jo rêste net allinne better út, mar fiele jo ek fitter en begjinne mei mear enerzjy oan in nije dei. Nuance produkten kinne boppedat helpe by it ferminderjen of it foarkommen fan rêchklachten. Sa draacht Nuance echt by oan in geryflik en oangenaam libben. Nuance makket it ferskil!