Slieptips
In goede nachtręst is fan grut belang foar ús wolwęzen. Yn de sliep herstelle lichem en geast fan de mentale en fysike ynspanningen dy’t oerdei plak fűn ha. Uteraard spilet de kar fan it krekte będ en it kreëarjen fan in oangenaam będklimaat in wichtige rol yn de kwaliteit fan it sliepen. Wy jouwe jo graach in stik as wat tips dy’t bijdrage kinne oan in goede nachtręst en de krekte kar fan it będ.
1. Ried jo ta foar’t jo sliepen geane.
Yt net dreech, en brűk gjin of allinne ien opwekkende konsumpsje. Besykje te űntspannen foar’t jo sliepen gean. Nim ôfstân fan de deistige beslommeringen en mij swiere fysike ynspanning. Yoga en oefeningen foar it sykheljen kinne soms helpe.
2.Soargje foar in noflik będklimaat
Luchtsje jo będ en matras alle dagen troch de lekkens of it dekbęd iepen te lizzen nei’t jo fan’t będ geane. Kies foar in goed fentilearjende będboaiem, sa dat jo matras ek goed fentilearje kin as jo sliepe. Tink ek om de sliepkeamertemperatuer: 18 graden wurdt meastal as optimaal űnderfűn.
3.Folgje jo eigen ritme
It ferlet fan sliep is net foar elkenien itselde. Wol is men fan ien ding wis: it is better om koart en goed te sliepen ynstee fan lang en net sa bęst. Harje dus nei jo biologyske klok.
4.Kies in goed sliepsysteem
In goed sliepsysteem soarget foar in lykmjittige űndersteuning fan jo lichem, sa dat jo ręchbonke rjocht leit en jo spieren harren goed űntspanne kinne. Komfort sônes yn de matras ( op de hichte fan skouders en heupen) binne hjir by behelpsum. In goede będboaiem is duorsum en jout genôch oanpassingsfermogen en fentilaasje. Matras en boaiem bepale tegearre fierhinne it komfort.
5. Jou dúdlik jo foarkar oan
De kar foar in sliepsysteem hinget gear mei in tal persoanlike faktoaren sa as lingte, gewicht en leeftyd. Mar ek hoe bot jo transpirearje kin in rol spylje. Dęrnjonken is jo eigen foarkar fan belang. Bepraat om dy reden jo foarkar en winsken, sa dat de ferkeaper jo mei in ôfstimd advys helpe kin. En net te ferjitten: nim de tiid om te proeflizzen yn de winkel.
6.Jou josels de romte.
Hoe grutter it będ, nammerste better sliepe jo. In noflike breedtemaat foar in 1-persoans będ is 90 sm. Foar in 2-persoans będ is dit minimaal 160 sm. It będ moat by foarkar 20 sm langer węze dan jo eigen lichemslingte. Tink ek om de hichte fan it będ: yn in heger będ kinne jo makliker yn en útstappe.
7. In ferstelbere boaiem jout ekstra komfort.
In będ is mear as allinne in plak om te sliepen. Televyzje sjen, lęze, moarnsite of even útręste. In elektrysk ferstelber będ bringt jo mei in druk op’ e knop nei de sit of releks stân dy’t jo winskje.
Ek as jo sliepe kin in ferstelbere boaiem noflik węze. De bloedsirkulaasje yn de fuotten kin befoardere wurde as jo it fuottenein in bytsje omheech sette..
Wolteręsten!

