Avek Kwaliteitsbedden spacer
 
Avek Kwaliteitsbedden
 
 
Avek Kwaliteitsbedden  

De spiraalboaiems fan AVEK

De duorsume, fearkręftige en fentilearjende będboaiem!

De spiraalboaiem is in oer Hollânsk produkt, dat syn wearde yn de rin fan de tiid mear as bewiisd hat. Dizze, frijwol folslein út wer brűkber stiel produsearre matrasdrager fielt him yn frijwol alle będen thús, en hat in tal eigenskippen dy’t unyk te neamen binne. Sa is de spiraalboaiem nei alle gedachten de bęst fentilearjende będsboaiem fan de wrâld. De AVEK spiraalboaiems ha in dwers spand netwurk mei in hiele iepen struktuer, węrtroch de będsboaiem foar mear as 85% frij ‘azemje’ kin. Goed fentilearjende będen binne hygiënysker en soargje der foar dat de matrassen droeger en nofliker oanfiele.

It dwers spande netwurk fan de spiraalboaiem jout in progressive tsjindruk: hoe mear druk der útoefene wurdt, nammerste grutter is de fearkręft dy’t bean wurdt. Hjirtroch is der sprake fan in goede en duorsume lichemsűndersteuning. It netwurk is boppedat frij fan űnderbrekkingen, sadat de matras oer de folle oerflakte droegen wurdt.

Spiralen binne ienfâldich te ferstellen en ha in beheinde hichte, węrtroch se ek yn de measte designbęden perfekt ta te passen binne.

AVEK hat twa spiraalboaiem programma’s yn it assortimint. De Integra is de basis spiraalboaiem mei lykwols poerbęste komforteigenskippen. Integra wurdt in protte tapast as (ferstelbere) matrasdrager yn besteande będen of bedsrânen. Nij is it InVenta programma: spiraalboaiems dy’t trochtochte foarmjouwing en woldiedich będkomfort kombinearje yn in unyk będsysteem. InVenta będsboaiems binne net allinne komfortabel, mar ha ek in fraai foarme designframe. InVenta lient him dęrtroch poerbęst foar pleatsen as frijsteand będ. Oan it frame wurde yn in omsjoch de poaten fan it będ fęstmakke. It ‘stand-alone’ będ kin nei winsk útwreide wurde mei bysűndere aksessoires en uteraard mei bypassende matrassen.


  Avek Kwaliteitsbedden