Elan, it sliepsysteem dat mear hat

ACTIE: Silverline foardielset

Elan is in modulêr sliepsysteem, dat ûnderskieden is mei de ‘ IF Design Award’. By it Elan sliepsysteem steane jo winsken sintraal: jo stalle nammentlik sels it bêd gear fan jo dreamen!

De basis fan elk Elan sliepsysteem wurdt foarme troch de dwers spande Elan spiraalboaiem. De ynnovative Elan bêdboaiem keppelt in fraaie foarmjouwing oan in optimale lichemsûndersteuning. It dwers spande spiraalnet foarmet him perfekt nei jo lichemsfoarm. Boppedat soarget de iepen struktuer fan it spiraalnet foar optimale fentilaasje, resultearjend yn in noflik bêdklimaat. Der is kar út in rom assortimint Elan bêdboaiems: fan flak oant trijefâldich ferstelber, it summum fan komfort.

Fanselssprekkend kinne jo de Elan bêdboaiem as ynlisboaiem brûke yn frijwol elk bêd. Mar jo kinne Elan ek frijsteand pleatse op robúste poaten dy’t der ûnder pleatst wurde. De poaten, te krijen yn ferskate hichten, wurdt rjochtstreeks ûnder de boaiem skroeft. Sa ûntstiet in kompleet ‘ stand-alone’ bêd.