Technyk

Optimale lichemsûndersteuning
It dwers spande spiraalnet fan de Elan bêdboaiem is makke út heechweardich stieltrie, foarsjoen fan in beskermjende keunststof coating. De progressive tsjindruk fan it spiraalnet soarget automatysk foar de krekte ûndersteuning fan jo lichem: hoe mear it net yndrukt wurdt, nammerste heger is de tsjindruk. Jo rêchbonke nimt hjirtroch in natuerlike hâlding oan, sa dat jo je hearlik ûntspanne kinne. Yn kombinaasje mei de matras fan jo kar soarget it soepele netwurk foar yndividueel sliepkomfort.

Eindeleas bêdkomfort
Lekker neat dwaan, in boek lêze, televyzje sjen of moarnsite: mei de ferstelbere Elan bêdboaiems wurdt jo sliepkeamer in libbensromte wêr’t jo mear yn dogge as allinne mar sliepe. Elan is sa ûntwurpen dat it lichem yn elke posysje geryflik ûndersteund wurdt. Op basis fan ergonomysk ûndersyk nei lichemsbou binne de ûnderlinge ferhâldingen tusken nekkepart, rêchpart, sitpart en fuottepart krekt fêststeld. Alle ferstelbere Elan boaiems binne foarsjoen fan in horizontaal sitpart om in goede sithâlding garandearje te kinnen. As opsje kinne dizze boaiems útwreide wurde mei in yndividueel ynstelbere nekkesteun. Yn in sit of sliepstân biedt de nekkesteun jo ekstra ûndersteuning fan holle en nekke.

Ienfâldige betsjinning
Elan bêdboaiems litte har maklik betsjinje. De mei de hân ferstelbere Elan kin troch de oanbrochte hângrepen fersteld wurde. Kieze jo foar in gasfear, dan is even lûke oan it koardsje foldwaande om it rêchpart te aktivearjen. En by de elektryske Elan boaiems kinne jo mei in druk op de knop jo favorite posysje berikke. Mochten jo letter de betsjinningswize fan jo Elan boaiem feroarje wolle, dan kin dat. Mei help fan in omboukit kin it rêchpart fan hân of gasfear betsjinning feroare wurde nei elektryske betsjinning.

Treflike fentilaasje
De gemiddelde slieper ferliest in kwart oant in heale liter transpiraasjefocht nachts. De ekstra iepen struktuer fan it spiraalnet soarget der foar dat dit focht al ûnder it sliepen ôffierd wurdt, mei as resultaat in noflik en sûn bêdklimaat. Troch de goede ôffier fan focht wurdt boppedat de libbensdoer fan jo matras ferlingd.

Trochtochte konstruksje
De ynnovative Elan bêdboaiem is gearstald út heechweardige materialen. De robúste konstruksje garandearret in lange libbensdoer en – troch it yn de breedte spande netwurk – in bliuwende fearkrêft. It spiraalnet foarmet dêrby in perfekt draachflak sûnder ûnderbrekkingen. De boppematras slút hjir perfekt op oan en wurdt foar de folle 100% ûndersteund. Elan is dêrtroch te kombinearjen mei frijwol alle typen matrassen. Jo bepale sels jo favorite kombinaasje!

Feilichheid
De knierpunten yn de bêdboaiem binne foarsjoen fan feilige ôfdekplaatsjes dy’t beknipen foarkomme. Alle elektrysk ferstelbere boaiems binne foarsjoen fan feilige swakstroom motors. In netfrijskeakeling soarget der boppedat foar dat de motor absolút spanningsfrij is op it stuit dat dizze net aktivearre is.

De meilevere batterij foar needgefallen jout jo de wissichheid dat jo de Elan altyd yn horizontale stân werom bringe kinne as ûnferwacht de stroom útfalt.

De maten
Elan is – ôfhinklik fan kleur en type – te leverjen yn breedtematen fan 70 sm oant en mei 100 sm en lingtematen fan 190 sm oant en mei 220 sm.
Losse bêdboaiems kinne ienfâldich keppele wurde ta in royaal twapersoans bêd.

Foar in optimale lizzing advisearje wy jo om jo bêd net te lyts te kiezen. Tel by jo eigen lingte 20 sm op, sadat jo foldwaande bewegingsfrijheid ha.