Technyk

Optimale lichemsûndersteuning
De INtegra ® is uterst geryflik. Heechweardich stieltrie is op spesjale wize weeft ta in fearkrêftich dwers spand spiraalnet. Troch progressive tsjindruk soarget it netwurk foar yndividuele ûndersteuning op dy punten wêr’t jo lichem it nedich hat. De Integra foeget him nei jo, wêrtroch jo je optimaal ûntspanne kinne.

Perfekte fentilaasje
De ekstra iepen struktuer fan it spiraalnet soarget foar in optimale ôffier fan transpiraasjefocht. Hast 90% fan Integra oerflak is fearjend en lit lucht troch. Hjirtroch ûntstiet in oangenaam en sûn bêdklimaat. Dêrnjonken is goede fentilaasje fan grut belang foar de libbensdoer van jo matras.

Trochtochte konstruksje
De Integra ® is gearstald út duorsume en miljeufreonlike materialen . De technyk fan it dwers spande netwurk garandearret in lange libbensdoer en behâld fan fearkrêft.
Troch it flakke en net ûnderbrutsen sliepoerflak kin de Integra ® mei hast elke goede matras kombinearre wurde. Jo dealer advisearret jo graach oer de mooglikheden.

Maten en tapassingen
De Integra ® bêdboaiems binne te leverjen yn breedtematen fan 70 oant en mei 100 sm en lingtematen fan 190 oant en mei 220 sm. As ynlisboaiem is de Integra ® te pleatsen yn frijwol alle bêden, wêrby jo gebrûk meitsje kinne fan de ‘ yn hichte ferstelbere poaten’. Jo kinne der ek foar kieze om de bêdboaiems frijsteand te pleatsen op fraaie ‘ stand-alone’ poaten. Foar in noflike lizzing advisearje wy jo om bêdboaiems sirka 20 sm langer te kiezen as jo eigen lichemslingte.

De pluspunten fan de Integra®:

  • Fraaie ôfrûne hoekdoppen
  • Eigentiidske griis metallic kleurstelling
  • Sirka 90% fan it sliepoerflak is fearjend en fentilearjend
  • Folslein flak en net ûnderbrutsen draachflak
  • Ergonomysk pleatste knikpunten
  • Ferstelbere nekkesteunen opsjoneel op alle ferstelbere boaiems
  • Feilige elektromotoaren mei netfrijskeakeling