Geryflik sliepe en fris wekker wurde!

Untdek de unike eigenskippen fan InVenta, in nije generaasje bêdboaiems dy’t trochtochte foarmjouwing kombinearje mei woldiedich bêdkomfort.

InVenta bêdboaiems binne troch harren fearkrêftige dwers spand spiraalnet net allinne geryflik, mar soargje troch de ekstra iepen struktuer ek foar in noflik en sûn bêdklimaat. De bypassende AVEK matrassen, mei in kearn fan heechweardige pocketfearren, foarmje in twa-ienheid mei InVenta. It ferkuoljende Coolplus tyk en materialen sa as 3D Spacer Fabric en Talalay lateks fersterkje it fentilearjende fermogen, en jouwe yn kombinaasje mei de InVenta bêdboaiem in perfekte ûndersteuning. Jo nachtrêst wurdt in oangename belibbing!

De bysûndere estetyk fan InVEnta fine jo werom yn kleur, it hege ôfwurkingsnivo én de eigentiidske foarmjouwing. Elke InVenta boaiem wurdt droegen troch in fraai styleare designframe, wêr’t jo ienfâldich de poaten fan it bêd oan keppelje. Dêrmei meitsje jo yn in pear tellen in folslein ‘ stand-alone’ bêd. It InVenta bêd kin nei jo winsk útwreide wurde mei bysûndere aksessoires , sa as holle boerden en nacht taffeltsjes. Sa stalle jo mei INVenta jo eigen bêd gear.