InVenta, jo persoanlike bêd

Individual Zone Support
Individual Zone Support is in nij systeem fan AVEK, wêrby jo de spiraalboaiem ienfâldich ôfstimme kinne op jo eigen gewicht en lichemsbou. Mei de IZS eleminten kinne jo sônes kreëarje dy’t sirka 25% ekstra ûndersteuning jouwe. By in wat swierdere lichemsbou of in ûngelike ferdieling fan lichemsgewicht korrizjearret IZS de lichemshâlding. IZS draacht dêrom by oan in bettere hâlding en ûndersteuning.

IZS wurket sa:
De IZS eleminten pleatse jo dêr wêr’t jo ekstra ûndersteuning nedich ha. Dit kin wêze op de hichte fan de heup, siden of oer de hiele boaiem.

Heup ûndersteuning

heupsupport

As de heupen te djip wei sakje, jout IZS ûndersteuning. Troch IZS wurdt de rêchbonke ûntleste en kin it skouder better weisakje. Jo hâlding is dêrtroch mear ûntspannen

Understeuning foar de siden:

heupsupport

Ofhinklik fan jo lichemsbou, mar foaral by wat bredere heupen, kin steun yn de siden (krekt boppe de heup) noflik wêze. De siden wurde dan sawol op ’e side as yn rêchlizzing ekstra ûndersteund.

Understeuning foar it hiele lichem:

heupsupport

As jo hâlde fan in ekstra stevige lizzing of as jo in swierdere lichemsbou ha jout ûndersteuning foar it hiele lichem útkomst. Jo pleatse ferdield oer de sliepoerflakte fjouwer IZS steuneleminten foar maksimale ûndersteuning fan jo hiele lichem.