InVenta, de multyfunksjonele bêdboaiem

De nije InVenta spiraalboaiem jout jo in optimale ûndersteuning en in oangenaam bêdklimaat, sa dat jo genietsje fan in ûntspannen nachtrêst.

Optimaal bêdklimaat
De InVenta boaiem is miskien wol de bêst fentilearjende bêdboaiem fan de wrâld. De bêdboaiem hat in iepen struktuer, wêrtroch mar leafst sirka 87% fan de boaiem frij fentilearje kin. It belang fan in goede fentilaasje wurdt dúdlik as jo witte, dat in minske gemiddeld in kwart oant in heale liter focht nachts ferliest. In goed fentilearre bêd is hygiënysker en jout minder oanlieding ta allergyske reaksjes troch bygelyks hússtofmyt. Sliepe op in InVenta bêdboaiem is de bêste garânsje foar wat wy in ‘ optimaal bêdklimaat’ neame: in bêd wat sûn en noflik oanfielt.

Progressive fearkrêft
De InVenta boaiem is foarsjoen fan in dwers spand spiraalnet. It spiraalnet is net ûnderbrutsen en folslein flak, en dêrtroch in perfekte drager foar de matras. Troch it brûken fan heechweardich stieltrie en de krekte wize fan opspannen jout InVenta in duorsume progressive fearkrêft: hoe mear druk der útoefene wurdt, hoe mear fearkrêft dat der jûn wurdt. It resultaat is in oangenaam fearjende bêdboaiem mei in hege stabiliteit. Hjirtroch is omdraaien en fan’t bêd stappen folle makliker dan by oare bêdsystemen.

Ferstelgemak
By InVenta sitte de knieren persys syngroan mei de knikpunten, wêrtroch ferstellen soepel ferrint. De bêdboaiem is ergonomysk ferantwurde yndield, mei in ekstra lange rêch, wêrtroch jo yn de ferstelstân noflik ûndersteund wurde. Ferstelbere inVenta bêdboaiems binne foarsjoen fan in elektryske betsjinning, sa dat jo mei ien druk op de knop jo favorite hâlding ynstelle.

100% wer te brûken
In InVenta boaiem bestiet frijwol hielendal út stiel, in duorsum materiaal wat op natuerlike wize op ierde oanwêzich is. De InVenta bêdboaiem lient him hjirtroch prima om wer te brûken. Uteraard moai om te witten. Mar troch de duorsume konstruksje en it heechweardige materiaalgebrûk is it momint fan wer brûken gelokkich wol hiel fier fuort!